Kotterfiskers fernuvere oer skjinmakaksje Waadferiening: "Gemiste kans"

29 jan 2021 - 07:02

"Een gemiste kans", seit Sarah Verroen fan VisNed, de feriening fan kotterfiskers. De feriening fynt it frjemd dat de fiskers net belutsen wurde by de grutte skjinmakaksje fan de Waadferiening yn de Noardsee.

In fisker dy't guod fan de MSC Zoe út it wetter hellet - Foto: ANP

Mei it projekt Clean Up XL wol de Waadferiening 800 ton ôffal fan de seeboaiem helje, dat der noch leit sûnt de kontenerramp mei de MSC Zoe goed twa jier lyn. Foar dat skjinmeitsjen binne trije ekspedysjes útlutsen yn de kommende fjouwer jier.

Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it skip MSC Zoe 342 konteners yn de Noardsee, boppe Flylân en Skylge. Strannen leine besjidde mei ôffal. Noch altyd is in kwart fan it guod net opromme, seit stichting De Noordzee.

De Waadferiening wurket gear mei Stichting de Noordzee, Stichting Duik de Noordzee Schoon en natuer- en miljeufederaasjes. Mar dus net mei VisNed. "We waren verbaasd toen we woensdag hoorden over de schoonmaakactie", seit Verroen tsjin RTV Noord.

"Toch een gezamenlijk belang?"

Fiskers binne al hieltyd oan it opromjen, seit Verroen, ek al flak nei't de MSC Zoe de konteners ferlear. Verroen: "Een schonere zee is toch een gezamenlijk belang? We werken mee aan het project Green Deal Visserij voor een Schone Zee, waarin ook bijvoorbeeld Stichting de Noordzee als partner is vertegenwoordigd. Het is een gemiste kans dat we nu buiten dit project gehouden worden."

Net oan tocht

Der is net oan tocht om de fiskers te freegjen mei te helpen, seit projektlieder Ellen Kuipers fan de Waadferiening. "Het is eigenlijk überhaupt niet bij ons opgekomen de vissers te vragen. Wij willen afval bergen uit zee. Er is eerder in samenwerking met de overheid al een proef geweest waarbij kotters werden ingezet om troep op te vissen. Die proef is mislukt. Met de partijen die we nu gevraagd hebben, hebben we geprobeerd een bijdrage van de Postcodeloterij te krijgen. Dat is gelukt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)