Gemeenteried Noardeast 'not amused' oer gong fan saken by ferkeap gemeentehûs

29 jan 2021 - 06:19

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân is 'not amused' oer de hiele gong fan saken wat de ferkeap fan it Kollumer gemeentehûs oanbelanget. De proseduere is yn striid mei de algemiene begjinsels fan behoarlik bestjoer, wylst wethâlder Theo Berends earder fersekere dat de proseduere - neffens him - soarchfâldich ferrûn wie.

Riedsleden binne lilk:

It ferkeaptrajekt fan it gemeentehûs moat kompleet opnij, as de gemeente it gebou noch ferkeapje wol. Dat bepaalde de rjochter woansdei.

De koälysjepartijen dy't allegearre - útsein de VVD - foar it riedsfoarstel stimden, hiene de útspraak fan de rjochter op dizze wize dan ek net 'oankommen sjoen'. "Ik tocht: blinder, dat moat net wier wêze", seit Bert Koonstra, fraksjefoarsitter fan de FNP. "Yn it debat ha wy ek frege: is dit goed juridysk wetterticht boud? En dat wie dus sa. Allinnich oardielet de rjochter dus no oars."

In rûngong by oare koälysjepartijen levere ek in soad fernuvere reaksjes op. "Wy ha as ried yn it foartrajekt ek sitten te sliepen", fynt Klaas de Jager fan de ChristenUnie. Fraksjefoarsitter Rebecca Slijver fan S!N fynt de gong fan saken ek skande.

'Heel zuur'

De VVD stimde net foar it riedsfoarstel yn desimber. Dochs fynt fraksjefoarsitter Digna Ferwerda dizze útkomst 'heel zuur'. "Het college drukte ons op het hart dat er niks aan de hand was", seit Ferwerda.

De grutste koälysjepartij, it CDA, woe noch net reagearje. "Wy wachtsje op reaksje fan kolleezje en bestudearje de útspraak nochris goed", seit riedslid Lieuwe Sijtsma.

'Achterkamertjespolitiek'

Opposysjepartij ELP Noardeast-Fryslân hat by de riedsgearkomste oankaarte dat de proseduere net doogde. Johan Talsma, de fraksjefoarsitter fan ELP: "Der hat gewoan 'achterkamertjespolityk' plakfûn, der is yn it foar 'handjeklap' dien."

Ek fraksjefoarsitter Pieter Braaksma fan Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân is bliid mei de útspraak fan de rjochter. "Ik hâld wol fan rekkenjen, mar hjir binne frjemde trúkjes tapast."

GROENNOF en de PvdA hawwe frege om in ynterpellaasjedebat oer dizze kwestje. Mei Actief Links Lokaal koe de redaksje fan RTV NOF tongersdei gjin kontakt krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)