Minder minsken test en minder besmettingen, mar mear stjergefallen

29 jan 2021 - 12:25

Der binne de ôfrûne sân dagen yn Fryslân 1.310 coronabesmettingen fêststeld. Dat binne flink minder as ferline wike, doe wiene it der 1.592. It tal stjergefallen yn ús provinsje is wol heger as oait tefoaren.

Foto: Omrop Fryslan, Aise van Beets

Noch noait waarden yn ien wike safolle stjergefallen meld as de ôfrûne wike: it wiene der 29, njoggen mear as ferline wike. It wol net sizze dat al dy stjergefallen ek echt yn de lêste wike wienen. Somtiden wurde dy sifers pas letter trochjûn.

It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus stiet no op 256. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt.

In tredde part hat Britske fariant

It firus is dizze wike dus by 1.310 Friezen fêststeld. De GGD giet derfan út dat in tredde part fan de besmette minsken de Britske fariant hat. Dat is ek it lanlike byld. Der binne gjin ekstra maatregels nedich, seit de GGD, omdat deselde foarskriften jilde as foar de al bekende fariant. De Britske fariant is ek yn ferskate ferpleech- en fersoargingshûzen fûn.

De measte positive testen binne de ôfrûne wike meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, yn totaal 203. Dat binne der hast 30 minder as in wike earder. Nei Súdwest-Fryslân, de grutste gemeente fan ús provinsje, komt Ljouwert, mei 178 besmettingen. As tredde komt Achtkarspelen mei 151. Yn 13 fan de 18 Fryske gemeenten binne minder besmettingen fêststeld as ferline wike.

Achtkarspelen measte lanlik

Omrekkene nei it tal ynwenners binne noch hieltyd de measte besmettingen yn Achtkarspelen: 539 op 100.000 minsken. Yn gjin inkelde gemeente yn Nederlân leit dat getal heger, mar dochs giet it ek yn Achtkarspelen better as ferline wike, want doe wiene dat noch 735 op 100.000 minsken. Utbraken yn soarchsintra yn Surhústerfean en Bûtenpost soargje foar in grut oandiel yn it tal besmettingen yn dy gemeente.

Provinsje ûnder 200 deis

Yn Fryslân waarden de ôfrûne wike gemiddeld 187 besmettingen deis meld. De lêste kear dat it trochsneed ûnder de 200 siet, wie mids desimber.

Minder minsken test

De ôfrûne wike ha 8.474 Friezen har teste litten op it coronafirus, dat binne hast 2.400 minder as in wike earder. De GGD wit net oft dat komt troch it lek by de GGD-databanken en oft minsken dêrom it fertrouwen kwyt binne. Foar dat lek binne twa meiwurkers oanholden, sy komme út Noard- en Súd-Hollân.

De GGD Fryslân krijt in soad fragen oer dat lek. Der is no in lanlik nûmer iepene foar fragen dêroer, 085 - 130 82 26.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)