Ljouwerter radiotalint Sophie Hijlkema wint Marconi Award

28 jan 2021 - 20:20

3FM-dj Sophie Hijlkema út Ljouwert hat de Marconi Award foar oanstoarmjend talint wûn. Hijlkema krige de priis by it Gouden Radioring Gala, dat dit jier fanwegen it coronafirus digitaal wie. De Marconi Award is in Nederlânske priis dy't sûnt 1996 útrikt wurdt oan radioprogramma's en radiopresintatoaren.

Foto: ANP

De Friezinne begûn har karriêre trije jier lyn by 3FM en hat no troch de wike in fêst plakje yn it programma TWEE VIER fan 14.00 oant 16.00 oere. Ek wie Hijlkema ien fan de seis dj's dy't foar 3FM Serious Request: The Lifeline yn lockdown gie. Se foarme in duo mei Sander Hoogendoorn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)