Justysje easket 150.000 euro boete foar yllegale ferkeap fan asbestjacht Freddy Heineken

Justysje easket in boete fan 150.000 euro tsjin skipsbouwer De Vries út Makkum, omdat dy in skip ferkocht hawwe soe dat fol mei asbest siet, sûnder dat te sizzen. Minsken soene dêrtroch yn libbensgefaar kaam wêze. Twa minsken dy't by it bedriuw wurkje, soene in wurkstraf krije moatte, fan 240 en 180 oeren.
In byld út it jacht dêr't it om giet © ANP
Neffens RTV Noord giet it om it jacht fan biermagnaat Freddy Heineken. It soe yn de jierren '80 in protte besocht wêze troch keninginne Beatrix. Doe't Heineken yn 2002 ferstoar, sette de famylje it skip te keap.
De Vries kocht it. Net foar in lyts miljoen, dat de fraachpriis wie, mar foar in euro. It skip soe opknapt wurde troch technisy yn oplieding, mar doe't it ienkear yn Fryslân wie, bliek it fol asbest te sitten. It moast sloopt wurde.
Foardat it nei de sloperij yn Grins gong, soe in wurknimmer de spesjale asbeststickers derôf helle ha. De sloperij soe hielendal gjin asbest fuorthelje meie. Justysje hat beide bedriuwen ferfolge. Tsjin it bedriuw út Grins is in boete easke fan 100.000 euro.
De rjochter docht útspraak op 25 febrewaris.