Gemeente Achtkarspelen stipet ferieningen mei subsydzjes en frijskatting hier

28 jan 2021 - 21:03

Kulturele en sosjaal-maatskiplike organisaasjes en sportferieningen yn Achtkarspelen dy't skea ha fan de coronamaatregels, kinne subsydzje oanfreegje by de gemeente. Dy hat dêr jild foar krigen fan it Ryk. Sportferieningen kinne bygelyks tusken de fiifhûndert en tûzen euro krije. En foar buert- en doarpshuzen giet it om goed twatûzen euro.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Hoefolle subsydzje oft ferieningen oanfreegje kinne, hinget derfan ôf hoe grut oft dy ferieningen binne. Mar der is mear, de hieren fan de sportferieningen wurde foar in grut part frijskat. Foar binnensportferieningen wurdt alle hier sûnt maart frijskat en foar bûtensportferieningen de hier fan maart oant en mei juny. It heal jier dêrnei hoege de ferieningen mar de helte te beteljen.

De ekstra subsydzjes wurde betelle mei jild fan it Ryk. De frijskatting fan de hieren betellet Achtkarspelen foarearst út eigen bûse. "We ha al lûden heard dat it Ryk yn elk gefal foar it earste healjier mei dat jild oer de brêge komt. Mar we seinen: we kinne net ôfwachtsje oant it Ryk aksje ûndernimt. We moatte sels ek rjochting ferieningen sjen litte hoe't we hjir mei omgean en hoe't we se sterker út dizze krisis komme litte wolle", seit wethâlder Jouke Spoelstra.

Sportgemeente

De gemeente fynt it belangryk dat de sport ek as de coronakrisis foarby is, noch libbet. "We binne hjir echt in sportgemeente yn Achtkarspelen. Fuotbalgek, kuorbalgek, swimgek, neam it allegearre mar op. Je sjogge gewoan dat it hiele sosjale libben yn dy doarpen him ôfspilet yn de sportwrâld. Sosjaal is dat hartstikke moai en ek foar de sûnens is it wichtich. It is hartstikke belangryk dat we dy sport stimulearjen bliuwe yn de gemeente", seit Spoelstra.

Wethâlder Jouke Spoelstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)