Ynwenner Tytsjerksteradiel (20) oanholden nei oprop ta geweld

29 jan 2021 - 07:38

De plysje fan Noardeast-Fryslân hat tongersdei in 20-jierrige man út Tytsjerksteradiel oanholden dy't yn in chatgroep oproppen hat ta geweld. Earder melde de plysje al dat trije oare minsken oppakt binne dy't sokke oproppen dien hawwe. En de plysje slút net út dat it der noch mear wurde.

Foto: ANP

Yn Drachten binne de soargen ek noch net foarby, al is it de ôfrûne dagen rêstich bleaun. Oant tiisdei jildt in needferoardering, omdat online oproppen waard te rellen. "Er waren ook al oproepen om vrijdagmiddag of -avond nog te komen", seit boargemaster Jan Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân.

Needferoardering

De boargemaster is bliid mei hoe't it woansdeitejûn úteinlik ferrûn is. Neffens him is de gearwurking tusken de gemeente, plysje en boa's 'prima verlopen'.

Om de rêst yn Drachten hanthavenjen te kinnen, hie de boargemaster dus in needferoardering ynsteld. "Dat is het zwaarste middel dat je hebt als burgemeester", seit Rijpstra.

De plysje by it kariljon yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân

"De avondklok heb je en als je dan op straat bent en je hebt geen goed verhaal dan krijg je een boete van 95 euro. Als je dan geen noodverordening hebt dan kan ik ook niet zeggen: we willen even kijken wat voor spullen u in uw zakken heeft aan vuurwerk of wat dan ook", leit hy út.

"Met die noodverordening heb ik dat wel. Dan kan de politie preventief gaan fouilleren en dan zijn de boetes wel even een stukje hoger. Richting de 4.000 euro en er kan dan zelfs een gevangenisstraf komen."

Driging

De driging fan ûngeregeldheden is dus noch net foarby, om't der ek foar freed wer oproppen dien binne op sosjale media. "Dat gaan we op precies dezelfde wijze aanpakken", seit Rijpstra dêroer. "Eigenlijk is het wel jammer dat die raddraaiers alle aandacht krijgen, terwijl er onvoorstelbaar veel mensen zijn die zich aan alle regels houden. Daar heb ik veel respect voor."

Boargemaster Jan Rijpstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)