ROC Friese Poort en Friesland College ûndersykje gearwurking

28 jan 2021 - 19:52

It tal studinten wurdt minder, en de arbeidsmerk feroaret hieltyd rapper feroaret. It binne in pear flinke útdagingen dêr't it Friesland College en ROC Friese Poort op it stuit foar stean. Dêrom wolle de mbo-skoallen mei mekoar gearwurkje. Hoe't se dat krekt dwaan wolle, moat noch ûndersocht wurde.

Hoe kinne ROC Friese Poort en Friesland College it bêste gearwurkje?

Foaral de krimp fan it tal studinten soarget derfoar dat de gearwurking tusken beide roc's yn in streamfersnelling komt. Neffens Remco Meijerink, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan ROC Friese Poort, makket de ôfname fan studinten bepaalde opliedingen by beide mbo's kwetsber.

"Dan hebben ze bij het Friesland College een halve klas, hebben wij een halve klas, en doen we hem beide dicht. Dan zou je juist moeten kijken; moeten we niet samenwerken", seit Meijerink.

It binne benammen opliedingen yn 'e technyk dy't hieltyd lytser wurde. Mar just nei dy opliedingen is in soad fraach, seit Meijerink. Troch gear te wurkjen wolle de mbo-skoallen alle beropsopliedingen yn Fryslân beskikber hâlde.

'We worden niet beter van concurrentie'

Frank van Hout is foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan it Friesland College. Hy sjocht út nei de gearwurking. "We zijn allang afgestapt van het idee dat we beter worden van concurrentie. Ooit zijn roc's ontstaan met dat idee, en daar word je niet beter van. Je wordt er beter van door naar elkaars sterke kanten te kijken en die met elkaar te verbinden".

Neffens Van Hout is der gjin akute needsaak foar de gearwurking, mar mei de krimp dy't deroan komt moatte je net langer wachtsje as nedich is, seit er.

Neist de ôfname fan it tal studinten, binne der oare flinke feroarings dêr't de skoallen yn Fryslân mei te krijen ha, sa as de feroarjende arbeidsmerk, in yntinsivere gearwurking mei bedriuwen en de by-oplieding fan minsken dy't oan it wurk binne.

Noch gjin fúzje

De gearwurking betsjut noch net gelyk in fúzje tusken beide mbo's. "We gaan de komende maanden de tijd nemen om te kijken wat de meest geëigende vorm van samenwerking is", seit Meijerink. In fúzje slút er net út.

Oare skoallen en it bedriuwslibben hawwe al tasein dat se in gearwurking tusken de roc's in goed inisjatyf fine. Van Hout is bliid dat se no "echt afscheid hebben genomen van het 'concurrentie-denken'. Dat vind ik winst die we nu al boeken."

Foar de simmer wurdt dúdlik hoe't de gearwurking tusken ROC Friese Poort en Friesland College derút komt te sjen.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei de foarsitters fan it kolleezje fan bestjoer fan beide skoallen

(Advertinsje)
(Advertinsje)