Corona makket finzenisrezjym noch stranger: "Het is lastig, want ze zijn hun vrijheid al kwijt"

28 jan 2021 - 20:12

Sûnt in pear dagen jilde der strangere coronamaatregels yn de finzenis fan Ljouwert. Detinearden moatte faker in mûlkapke drage en de besikersregeling is fersobere. Sa mei der mar ien besiker komme yn stee fan twa.

Sa giet it yn de finzenis yn Ljouwert

Al mei al komt de coronakrisis der ek by finzenen yn. "Het is al lastig want ze zijn hun vrijheid al kwijt maar die wordt nu nog meer beperkt", seit Gino Tibboel. Hy is de direkteur fan de finzenis.

Oant no ta is der net ien besmetting konstatearre by de 270 mannen dy't der op dit stuit fêstsitte. "Dat willen we graag zo houden", seit Tibboel.

"We zorgen ervoor dat de gedetineerden van de verschillende afdelingen niet met elkaar in contact komen, ze zitten als het ware in een soort van eigen bubbel."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De besikersregeling is fersobere. Krekt as bûten de doarren mei der no noch mar ien besiker komme, útsein bern dy't jonger binne as 13 jier âld. Dy meie gewoan meikomme.

"Dit is pittig", seit de direkteur. "Aan de andere kant kunnen de mannen beeldbellen. En dat bevalt ze goed. Een gedetineerde vertelde me laatst dat hij via Skype voor het eerst de slaapkamer van zijn dochter had gezien. Elk nadeel heeft zo zijn voordeel."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Willem sit fêst yn Ljouwert, en dat bliuwt nei alle gedachten de kommende seis jier ek noch wol sa. Hy hat begryp foar de maatregels en hâldt him der goed oan. "We moatte mei syn allen derfoar soargje dat it firus bûten de doar bliuwt."

"Ik tink der sels ek goed om. Ik waskje myn hannen hiel faak en hâldt 1,5 meter ôfstân." Dochs is Willem ek wol klear mei corona. "Ik hoopje dat ik gau myn bern wer knuffelje kin. Dat mei no net, der sit pleksyiglês tusken yn de besikersromte. Mar we moatte folhâlde."

Trefwurden: 
Ljouwert finzenis coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)