Húsdokters: 'Faksinaasjestrategy bliuwt gaoatysk'

28 jan 2021 - 18:47

De faksinaasjestrategy fan it kabinet soarget noch hieltyd foar opskuor. Der wurdt net effisjint wurke, en der is noch in protte ûndúdlik. Dat sizze húsdokters en bestjoerders fan soarchsintra.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Húsdokter Karin Groeneveld

Dizze wike binne de earste bewenners fan ferpleech- en fersoargingstehuzen faksinearre. De ferwachting is dat it moannen duorje kin foardat alle bewenners in prik hân ha.

'Het is onhandig en verdient geen schoonheidsprijs'

Der is in soad te dwaan oer de faksinaasje fan 85-plussers en de minsken dy't yn in ynstelling wenje en dêr ûnder de ferpleechhûsdokter falle.

"Dat gaat via aparte kanalen. Dan heeft de ene helft wel een vaccin gehad en de andere helft niet. Dat is onhandig en verdient geen schoonheidsprijs", seit Karin Groeneveld. Se is de foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan de lanlike húsdoktersferiening LHV.

Groeneveld stiet te popeljen om sels oan de slach te gean. "Iedereen is heel erg gemotiveerd om te beginnen. Maar het moet wel goed geregeld worden. Het is een complexe logistieke operatie."

'Soarchynstellingen moatte sels faksinaasje oppakke'

Ynstellings soene sels de ferantwurdlikheid krije moatte oer de faksinaasje fan de bewenners, seit Groeneveld. "Als ze dan hulp nodig hebben van de lokale huisartsen dan kan dat altijd. Daar is de nood nu het hoogst."

Dêr is bestjoerder Jan Maarten Nuijens fan de KwadrantGroep it mei iens. In oantal fan de fersoargingshûzen fan de KwadrantGroep binne hurd rekke.

Nuijens is der dan ek wiis mei dat se no ek dêr begjinne mei faksinearjen: "We willen allemaal dat het snel gaat. Maar als we maar beginnen. Dan bescherm je mensen."

Der wurdt fan alles sein oer it coronafaksin, mar hoe wurket it no eins echt en wat sit der allegearre yn? Earder makken we dêr dit lange artikel oer. En op de dei dat yn Fryslân it earste faksin set waard, makken we dizze útstjoering fan Fryslân Hjoed, mei longdokter Wouter van Geffen en sjoernaliste Martine van der Steege.

(Advertinsje)
(Advertinsje)