Opdrachtjouwers Teslabrannen bliuwe langer fêst: rjochtsaak yn maart

28 jan 2021 - 18:11

De rjochtbank hat it foararrest ferlinge fan twa mannen dy't de opdrachtjouwers wêze soene fan twa brannen. Beide kearen waard in Tesla yn de brân stutsen, dy't eigendom wie fan in advokate út De Jouwer.

De útbrânde Tesla fan april - Foto: J. de Jong

Beide brannen wiene yn 2018. Neffens de rjochter soargen se foar in libbensgefaarlike situaasje. De auto's stiene op minder as in meter fan it hûs, wylst de advokate en har bern op bêd leine.

In ynwenner fan Noardwâlde (34) is foar beide brânstichtingen feroardiele ta trije jier sel en tbs. Hy soe beide kearen 1500 euro krigen ha.

Unferwachts iepenheid fan saken

By in rjochtssitting yn augustus joech de man ûnferwachts iepenheid fan saken. Hy joech ta dat er de auto's fan de advokate yn 'e brân stutsen hie en hy joech ek de nammen fan syn opdrachtjouwers. Koart dêrnei iepene justysje it ûndersyk opnij. In goeie wike letter waarden de oanwiisde opdrachtjouwers oanholden.

Ien fan de twa, in man fan 38 dy't doe yn Raerd wenne, soe in saaklike bân mei de advokate ha. Hy wie eigener fan in skipswerf yn Ljouwert. Doe't dy fallyt gong, wurke de advokate as kurator.

De twadde fertochte, in 55-jierrige ynwenner fan Burgum, soe yn opdracht fan de werfbaas de man út Noardwâlde ynskeakele ha om de auto's yn 'e brân te stekken. Beide mannen ferklearren earder dat se ûnskuldich wiene.

De saak wurdt nei alle gedachten op 9 maart ynhâldlik behannele. Foar dy tiid moat noch in tsjûge heard wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)