Reedrydbruorren Bob en Bart de Vries kundigje ôfskied oan, mar wisten dat net fan mekoar

Bruorren Bob en Bart de Vries hâlde op mei reedriden. Beide manlju hawwe jierrenlang benammen maratons riden en Bob makke ek noch in suksesfol útstapke nei de langebaan.
Yn 2019 rieden Bart (links) en Bob (rjochts) de Vries tsjininoar op it NK © Orange Pictures
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort prate mei Bob en Bart de Vries
Bob de Vries pleatste him ferrassend foar de 5.000 meter op de Olympyske Spelen fan 2018. Dêrneist waard er twa kear Nederlânsk kampioen op de maraton. Broer Bart wûn meardere wedstriden yn de topdifyzje.
Beide manlju fiere wurk en gesin oan as reden om der mei op te hâlden. Bob is boer en de kombinaasje mei it riden foel him de lêste jierren hieltyd swierder. "Ik heb het zoveel jaren zo druk gehad, dat het gezin eronder lijdt. Andere dingen worden belangrijker."
Dat gefoel herkent Bart, dy't in nije funksje foarby kommen seach. Dat kombinearje mei syn jonge gesin en it riden is dreech. "Aan de ene kant is het hartstikke jammer, wedstrijden rijden vond ik steeds super mooi, maar ik wil er ook zijn voor mijn werk en mijn gezin."

Ferrassing foar mekoar

It nijs dat beiden der mei ophâlde kaam tongersdei nei bûten, mar dêrmei ferrasten se inoar: "Ik wist dat hij zou stoppen, maar niet dat hij het ook vandaag naar buiten zou brengen", laket Bart.
Hy is de jongste (32) fan de twa en baalt der wol fan dat in seizoen sûnder maratons syn lêste is. "Dat knaagt wel hoor. Ik had graag nog marathons gereden, dat had het plaatje compleet gemaakt."

Klapper mist op earelist

Datselde gefoel hat Bob: "Absoluut. Ik had in het hoofd om er met een klapper uit te gaan." Dat hie in oerwinning wêze moatten op in wedstriid oer twahûndert kilometer. "Die mist nog wel op mijn erelijst. Dat is niet gelukt."
De lêste wedstriid dy't Bob en Bart rieden wie it NK allround yn novimber. Dêryn stiene se ek noch tsjininoar oan de start op de 500 en de 1.500 meter.