Steatefraksje PvdA wol ûnfeilige ferkearssituaasje Waskemar oanpakke

28 jan 2021 - 16:41

It moat dien wêze mei de ûnfeilige ferkearssituaasje yn Waskemar. Dat fynt de fraksje fan de PvdA yn Provinsjale Steaten. It doarp hat in soad lêst fan frachtferkear dat fan Drachten rjochting Haulerwyk rydt. De dyk yn it doarp en ek dêrbûten is dêr net op berekkene en dat soarget foar gefaarlike situaasjes.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie yn Waskemar

Sa komme bern dy't op de fyts nei de skoalle yn it doarp gean, geregeld mei ferhalen dat se hast oanriden binne troch in frachtauto, lit de direkteur fan de skoalle witte oan de PvdA-steatefraksje.

Ynwenners fan Waskemar wolle dat der in ferbod komt foar frachtferkear dat net yn it doarp hoecht te wêzen. De PvdA yn de steaten wol witte oft dat kin. De fraksje fynt dat de provinsje en de gemeente Eaststellingwerf mei-inoar wurkje moatte oan in oplossing foar it binnentrochferkear yn it gebiet tusken Drachten en Haulerwyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)