157 nije besmettingen yn Fryslân, leechste sûnt desimber

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 157 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der tolve minder as woansdei. Doe gie it om 169 besmettingen. Gemiddeld binne der de ôfrûne wike alle dagen 187 minsken besmet rekke mei it coronafirus.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn beeld, klik dan hjir):
De lêste kear dat der minder besmettingen meld waarden, wie op 15 desimber. Doe wiene it der 115, mar dat kaam doe troch in steuring. Trije dagen lyn wiene der ek 157 besmettingen.
De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (33). Dêrnei komt Achtkarspelen mei 15. Yn Achtkarspelen steane de fersoarginshûzen 't Suyderhuys en Haersmahiem, twa plakken mei in soad besmettingen.

Stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Smellingerlân (2) en Noardeast-Fryslân (1).
Der binne trije Friezen yn it sikehûs yn rekke mei corona. Dat giet om ynwenners fan Súdwest-Fryslân, Ljouwert en Smellingerlân.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 4.740 coronagefallen fêststeld. Dat is hast likefolle as woansdei en ûnder it trochsneed.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.