Wurkstraf foar Grinslanner fanwege geweld tsjin Hearrenfeansupporters

In man út Grinslân (37) hat yn heger berop in wurkstraf fan twahûndert oeren krigen fanwege geweld tsjin supporters fan sportklup Hearrenfean. Dat barde fiif jier lyn op It Hearrenfean nei in wedstriid fan Hearrenfean tsjin Grins.
It Gerjochtshôf yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man wie mei tsientallen oare supporters nei in kroech gien dêr't altyd Hearrenfeanfans komme. Dêr ûntstie fjochterij dêr't de Grinslanner in liedende rol by hie. Hy hie yn in groepsapp oproppen om te fjochtsjen.
De man is earder troch de rjochtbank feroardiele ta fjouwer moanne sel. It hôf komt ta in legere straf omdat it hiel lang duorre hat foardat de saak foar it Gerjochtshôf brocht waard.