Ponghâlder útfeartferiening Boarnburgum drukte 176.000 euro achteroer

28 jan 2021 - 14:14

It Iepenbier Ministearje hat tongersdei in wurkstraf fan 240 oeren en trije moannen selstraf ûnder betingst easke foar de âld-ponghâlder fan útfeartferiening De Samenleving yn Boarnburgum. Yn sa'n seis jier tiid hat de man mear as 170.000 euro út de kas fan de feriening fertsjustere.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fertochte, in 53-jierrige ynwenner fan Snits, brûkte it jild yn it begjin om syn rekkens te beteljen. Dêrnei gie it hieltyd makliker en begûn de Snitser it jild ek te brûken foar oare priveebetellingen. Sa kocht de man guod fan ynternet en in bestelauto foar syn bedriuw. Privee gie it net goed mei de man, syn houlik wie min en syn bedriuw brocht net genôch jild op.

Ferfalske bankôfskriften

Hy waard ein 2012 as ponghâlder oansteld by de feriening. In pear moannen letter helle hy foar de earste jild fan de rekken ôf. Troch bankôfskriften te ferfalskjen hold hy it ferburgen foar de leden en de oare bestjoersleden.

De saak kaam oan it ljocht doe't de foarsitter oansprutsen waard troch útfeartfersoargers dy't net betelle krigen. Der hie op dat momint mear as in ton op de rekken stean moatten, mar de foarsitter krige fan de bank te hearren dat de feriening yn it read stie.

Goed 176.000 euro

De Snitser hat alles bekend. Hy is ree om it folsleine bedrach werom te beteljen. Fierder is hy yn behanneling gien. De offisier fan justysje hat de rjochtbank frege om de hiele skeaclaim fan de útfeartferiening, goed 176.000 euro, ta te wizen.

De rjochtbank docht op 11 febrewaris útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)