Oftraap Fryske Boekewike live by Omrop Fryslân

28 jan 2021 - 13:59

De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 wurdt sneontejûn 6 maart live útstjoerd by Omrop Fryslân. Te gast yn de Westertsjerke yn Ljouwert binne de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma en de skriuwster fan it nasjonale boekewikegeskink Hanna Bervoets.

Foto: Lucas Kemper

De Boekewike fynt plak fan 6 oant en mei 14 maart. De útstjoering foarmet de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike, mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes. Mei de live-útstjoering wol de organisaasje omtinken freegje foar it Fryske boek, om sa lêzers en boekhannels yn Fryslân yn 'e mjitte te kommen.

Yn ferbân mei de coronamaatregels binne der dit jier gjin kaarten te krijen foar de ôftraap fan de Fryske Boekewike.

Hilda Talsma fiert dit jier har 10-jierrige skriuwersjubileum en is frege om it Fryske kadoboek foar de Boekewike te skriuwen, dat fergees te krijen is by de oankeap fan in boek.

Yn gearwurking mei it CPNB wurdt ek it nasjonale boekewikegeskink, dit jier skreaun troch Hanna Bervoets, útjûn yn it Frysk. Baukje Zijlstra fersoarge de oersetting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)