Fjirtjin bewenners wensoarchsintrum Surhústerfean stoarn oan gefolgen coronafirus

28 jan 2021 - 12:55

Yn wensoarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean binne oant no ta fjirtjin minsken ferstoarn oan de gefolgen fan in besmetting mei it coronafirus. Dat seit bestjoerder Nuijens fan de Kwadrantgroep, dêr't it Suyderhuys ûnder falt. It soarchsintrum waard hurd rekke troch de slim besmetlike Britske fariant fan it coronafirus.

Foto: Ben de Jager, RTVNOF

Ek yn in oare fêstiging fan de KwadrantGroep, it Haersmahiem yn Bûtenpost, binne in soad besmettingen. De KwadrantGroep seit dat der noch wol flink wat minsken siik binne yn beide soarchsintra, mar dat de situaasje ûnder kontrôle is. Der komme net folle nije besmettingen mear by.

Net alllinnich foar de bewenners is it dreech, der binne ek noch altyd in soad meiwurkers siik: yn 't Suyderhuys fyftich en yn Haersmahiem njoggen. "We hebben er de handen aan vol. Het is nog lang niet voorbij", seit Jan Maarten Nuijens fan de KwadrantGroep.

Jan Maarten Nuijens, KwadrantGroep

(Advertinsje)
(Advertinsje)