Untwerper hiert wenhûs Bonnema

© mocoloco.com
Moade-ûntwerper Alexander van Slobbe hat it eardere wenhûs fan arsjitekt Abe Bonnema oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp hierd. Van Slobbe wol it hûs as wurkromte brûke.
It gebou is yn 1963 troch Abe Bonnema foar eigen gebrûk ûntwurpen. Ferline jier ferkocht syn widdo it oan de Stichting Hendrick de Keyser. Dy keapet mear bysûndere gebouwen yn Nederlân op en ferhiert se dêrnei. Van Slobbe is ûnder oare bekend as ûntwerper fan it frouljusmoadelabel Orson + Bodil. Ek wurket er wol foar Keninklike Tichelaar yn Makkum.