Waadferiening giet sels op jacht nei ôffal MSC Zoe

28 jan 2021 - 12:00

De Waadferiening wol mei 1,9 miljoen euro fan de Nationale Postcode Loterij it ôffal bergje fan de MSC Zoe dat noch yn de Noardsee leit. Der moat noch 800.000 kilo lizze. Mar as dat dreech te finen is, is it ek prima wannear't oar ôffal boppe wetter helle wurdt.

Waadferiening giet sels op jacht nei ôffal MSC Zoe

Dit projekt 'Clean Up XL' wurdt útfierd mei Stichting de Noordzee, Stichting Duik de Noordzee Schoon en natuer- en miljeufederaasjes. "Wij vinden het onacceptabel dat zoveel rommel in zee blijft liggen. Dat druist in tegen werkelijk alles waar wij voor staan. Dus zijn we superblij dat we dit kunnen opruimen", seit projektlieder Ellen Kuipers fan de Waadferiening.

Grutte bergingsoperaasjes

Kuipers wol lokale bergers ynskeakelje by it wurk dy't earder ûnderfining opdien hawwe mei de grutte bergingsoperaasjes wêrby't yn 2019 de measte ladingrestanten fan de seeboaiem helle binne.

Neidat der noch in eksperimint wie mei in fiskersskip dat ôffal opfiske, kaam der in ein oan de grutskalige berging. De miljeukosten dêrfan soene net mear yn ferhâlding stean ta de miljeuwinst.

Duorsum

Dêr hat de Waadferiening wat op fûn, seit Kuipers. "Wij willen drie keer een expeditie organiseren met een bergingsschip en duikers om gedurende drie jaar rommel boven water te halen. Wij gaan dat op een duurzame manier doen."

"Helaas gebruiken de bergingsschepen nog fossiele brandstof, maar wij gaan de CO2 dichtbij huis compenseren in het veenweidegebied. Bovendien willen het afval dat we naar boven halen zoveel mogelijk recyclen. Van plastics proberen we bijvoorbeeld weer mooie producten te maken die op een ludieke manier de problemen van afval in zee zichtbaar maken."

Ellen Kuipers fan de Waadferiening

In kontenerskip fart by in skip del dat dwaande is mei de berging fan de lading fan MSC Zoe - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

"Wij hechten belang aan het beschermen van de natuur in Nederland", seit Dorine Manson fan de Postcode Loterij. "We waren dan ook meteen geïnteresseerd in het voorstel van de Waddenvereniging. Zij gaan er nu voor zorgen dat de troep opgeruimd wordt en dat de containervaart veiliger wordt, zodat toekomstige rampen van deze aard worden voorkomen."

Minister

De hiele operaasje is ek in middel om de polityk en de boarger by de les te hâlden, jout Kuipers oan. "Wij willen leren van deze ramp en al die lessen borgen. De minister van Infrastructuur en Waterstaat heeft alle aanbevelingen uit de onderzoeksrapporten omarmd en is daarmee bezig."

Se wol de minister dêr graach by helpe. "Het containervervoer is onveilig. Dat is wel gebleken naar aanleiding van de ramp met de MSC Zoe." De Waadferiening wol de ynternasjonale lobby om dêr wat oan te dwaan, sa ek stypje.

In auto út de lading fan de MSC Zoe wurdt begjin 2019 út de Noardsee helle - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It moat in sichtbere operaasje wurde mei ûnderwetterbylden fan de dûkers fan Stichting Duik de Noordzee Schoon. Mar dêr bliuwt it net by, seit Kuipers. "Wij willen alle rommel die we boven water halen heel zichtbaar en tastbaar laten zien, tonen hoeveel rotzooi er eigenlijk wel niet ligt."

"We gaan het afval analyseren om samen met de stakeholders te kijken wat de oorsprong ervan is, om mensen er bewust van te maken dat het anders kan."

As alles goed giet, soe de bergingsoperaasje fan 't hjerst úteinsette kinne. Der komt hoe dan ek in dûkekspedysje. It kin ek sa wêze dat de bergingsoperaasje pas takom jier begjint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)