Rykswettersteat: "Meteen na de ramp gezegd, hier komt MSC niet mee weg"

28 jan 2021 - 11:52

"Meteen na de ramp met de MSC Zoe hebben we gezegd, hier gaat die reder niet mee wegkomen. Alles moet worden opgeruimd." Joost de Ruig, haadyngenieur-direkteur by Rykswettersteat Noard-Nederlân, is tige optein mei de 3,4 miljoen euro dy't reder MSC betellet foar de ôfwikkeling fan de skea fan de kontenerramp yn it Waadgebiet fan twa jier lyn.

By Rykswettersteat binne se bliid:

"Ik ben eigenlijk wel heel blij met de uitkomst. Natuurlijk wil je het liefst dat alle rommel wordt weggehaald, en dat alle schade tot in de toekomst gedekt is, maar dat is niet altijd even realistisch." Der waard troch tsientallen organisaasjes in faktuer yntsjinne. Dat jild waard earst útbetelle troch Rykswettersteat. Dy ha it jild no werom krigen fan MSC.

'Advocaten en juristen aan de slag'

It hat hast twa jier fan ûnderhanneljen koste om ta dizze oplossing te kommen. Dat liket in lange tiid. "Bij dit soort processen spelen altijd grote belangen. Dan gaan er heel veel advocaten en juristen aan de slag, en dat kost gewoon veel tijd. We dachten er al een paar keer uit te zijn, maar dan moest er toch nog weer iets veranderd worden. Aan de andere kant, als je het vergelijkt met andere zaken dan is twee jaar nog best snel eigenlijk."

Joost de Ruig fan Rykswettersteat yn petear mei Remco de Vries

Foto: Stichting Duik De Noordzee Schoon

Yn it skeabedrach is in lytse trije ton opnaam foar it saneamde 'Fishing for Litter-project'. Dêrby bedarret in part fan it ôffal yn de netten fan fiskers dy't it sammelje. Nochris 800.000 euro is bestimd foar eventuele skjinmakaksjes yn de takomst op de strannen. De kâns bestiet dat benammen by swiere stoarm noch in part fan de ynhâld fan de konteners oanspielt. De kosten fan it opromjen dêrfan fergoedet it bedriuw ek.

Ekstra ûndersyk

It bedrach kin sels noch heger wurde, seit Ruig. "Er is nu ook een ecologisch onderzoek gaande naar milieuschade, gevolgd door een milieukundig onderzoek. Als daaruit blijkt dat daar aantoonbare milieuschade is aangericht aan het Waddengebied, dan staat MSC nog voor 7 miljoen garant om dat te vergoeden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)