Gatten yn reidtek: mûne fan Sumar is nedich oan ûnderhâld ta

Mûne De Hoop yn Sumar moat gau opknapt wurde. Yn it reidtek sitte gatten en der groeie poddestuollen op. Fierders binne de houten mûnetsjillen nedich oan ûnderhâld ta. De fergunning foar de restauraasje leit der, no moat der noch jild op it kleed komme.
© Omrop Fryslân
De mûne draait noch en it dak lekt noch net, mar om foar te kommen dat dat meikoarten wol bart, is aksje nedich. De mûne wurdt tsjintwurdich brûkt om weet te meallen, al is mûnder Meindert Halma foarsichtich mei hurde wyn: "Dan komt it derop oan. As troch de wyn de mûne gau stilset wurde moat, komt der it measte krêft op te stean."
Foar ûnfeilige situaasjes soarget dat foarearst noch net. Dêr soarget Halma wol foar. "Mar dat wolle we dus krekt foarkomme troch de restauraasje", seit de mûnder.
Ferslachjouwer Johanna yn petear mei mûnder Meindert Halma
Der is sawat 150.000 oant 180.000 euro nedich foar de restauraasje fan it reidtek en de houten kamen dêr't it meganisme fan de mûne troch draait. Neffens Arjen van der Schaaf fan de Stichting Behoud Monumenten yn de gemeente Tytsjerksteradiel komt in part fan it jild út in subsydzjepot fan de Provinsje Fryslân.
Foar it oare jild dat nedich is, sil de stichting mooglike sponsoaren benaderje. Se tinke dêrby oan bygelyks fûnsen lykas it Prins Bernhard Cultuurfonds. "We binne in stichting en hawwe gjin ynkomsten. We wolle de mûne yn in goede steat hâlde. Dêrfoar binne we ôfhinklik fan minsken, want dit kinne we net allegearre sels dwaan. Dit stikje kultureel erfgoed moat behâlden bliuwe", seit Van der Schaaf.
© Omrop Fryslân
Yn de mûne sit in winkeltsje dêr't weet-, spjelt- en pankoekmoal ferkocht wurdt. It is no ticht fanwege corona, mar online kin der noch wol besteld wurde. Dat smyt de mûne wat jild foar it deistige ûnderhâld.
De mûne draait folslein op frijwilligers. As it allegear slagget mei it jild, is it it doel de restauraasje fan de folsleine mûne foar kommende winter út te fieren.
© Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Johanna oer de restauraasjeplannen fan de mûne