Gemeente Waadhoeke stelt Definsje fragen oer radarpost Wier

28 jan 2021 - 12:35

De gemeente Waadhoeke hat Definsje fragen steld oer de radarpost yn Wier. Sûnt dy nije radar pleatst is, makket dy in soad leven. Yn in brief fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders komme dy lûdsoerlêst en de fersteurde telefyzje- en wifisinjalen oan bar. "Wij delen de vragen en zorgen van bewoners," sa seit de gemeente.

Wier hat hoop op in goede ôfrin:

De brief komt nei de digitale ynformaasjejûn fan ôfrûne woansdei, dy't Definsje op oanstean fan de ynwenners organisearre hat.

Neffens de gemeente hat Definsje sein dat de radar nachts mear lûd makket as tastien is. Dêrom is de radar nei 23:00 oere ek út. Waadhoeke wol witte fan Definsje wat it plan is om it lûd te ferminderjen ta in nivo dat liket op de âlde radar, dy't hast net te hearren wie.

De gemeente seit dat de ynwenners ek in soad lêst hawwe fan fersteurde telefyzje- en wifisinjalen, en wol witte wat Definsje dwaan sil om dat op te lossen. Ek freegje se mei klam oan Definsje om de kommunikaasje mei de gemeente en de bewenners goed te ûnderhâlden.

Omtinken freegje

Wethâlder Boukje Tol fan de gemeente Waadhoeke seit dat it brief bedoeld is om, nei oanlieding fan de ynformaasjejûn, nochris omtinken fan Definsje te freegjen foar de kwestje. "En ek om de fragen dy't noch net beäntwurde binne, of fragen dy't net nei tefredenheid beäntwurde binne, ûnder de oandacht te bringen."

"Wy hawwe noch net alle ynsichten", giet se fierder. "Dêrom trune wy no op antwurden oan. It is no tusken Definsje en de leveransier fan de nije radar."

Wethâlder Boukje Tol fan de gemeente Waadhoeke oer it brief

(Advertinsje)
(Advertinsje)