Rederij MSC komt oer de brêge mei skeafergoeding kontenerramp

28 jan 2021 - 09:26

It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat nei lang ûnderhanneljen in akkoart op tafel krigen mei rederij MSC, oer de ôfwikkeling fan de skea fan de kontenerramp yn it Waadgebiet fan twa jier lyn. De rederij betellet 3,4 miljoen euro. Dat lit demisjonêr minister Cora van Nieuwenhuizen witte.

Foto: ANP

It skeabedrach is in fergoeding foar de kosten dy't it Ryk, oare oerheden en natuerorganisaasjes makke hawwe by it bestriden fan de kontenerramp.

Dêrneist sit der in bedrach yn foar kosten dy't yn de takomst mooglik noch makke wurde, om't net alle konteners en de ynhâld dêrfan weromfûn binne. Ek sit der in fergoeding yn foar makke juridyske kosten en ûndersyk nei de ekologyske gefolgen fan de ramp.

Hûnderten konteners oerboard slein

Kontenerskip MSC Zoe ferlear yn 2019 koart nei de jierwiksel 342 konteners yn de Noardsee. In part fan de ynhâld spielde oan op de strannen fan de Waadeilannen, en de kust fan Fryslân en Grinslân. Dat soarge foar gaoatyske tafrielen.

Yn totaal binne 299 konteners, of parten dêrfan, weromfûn. De rest is noch kwyt. Parten fan de ynhâld lizze fier útinoar op de seeboaiem. It is dreech om it te finen en op te romjen.

Fisknetten fol rommel

Yn it skeabedrach is in lytse trije ton opnaam foar it saneamde 'Fishing for Litter-project'. Dêrby bedarret in part fan it ôffal yn de netten fan fiskers dy't it sammelje.

Nochris 800.000 euro is bestimd foar eventuele skjinmakaksjes yn de takomst op de strannen. De kâns bestiet dat benammen by swiere stoarm noch in part fan de ynhâld fan de konteners oanspielt. De kosten fan it opromjen dêrfan fergoedet it bedriuw ek.

Plestik boltsjes

Neist ôffal kamen der in protte plestik boltsjes yn it Waadgebiet en yn de kuststreken telâne. Yn opdracht fan Rykswettersteat binne wittenskippers koart nei de ramp begûn mei it ûndersykjen fan de ekologyske gefolgen dêrfan.

Der wurdt sjoen nei it effekt op planten, bisten en it komplete ekosysteem yn de Waadsee. De útkomst dêrfan wurdt meikoarten ferwachte, meldt Van Nieuwenhuizen.

Takomstige miljeuskea

Mocht út it ekologysk ûndersyk bliken dwaan dat der yn de takomst sprake is fan miljeuskea, dan stiet de fersekerder fan MSC garant foar sân miljoen euro, mar allinnich as fêststeld is dat de kontenerramp de oarsaak is fan de skea, en de reder oanspraaklik steld wurde kin.

Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it skip MSC Zoe 342 konteners yn de Noardsee, boppe Flylân en Skylge. Strannen leine besiedde mei ôffal. Noch altyd is in kwart fan it guod net opromme, seit stichting De Noordzee.

(Advertinsje)
(Advertinsje)