Kollum: "Bile"

28 jan 2021 - 08:28

"Hast twaentweintich jier nei de Nacht fan Wiegel, is tiisdei in inisjatyfwet yn de Earste Keamer oannommen foar in binend korrektyf referindum. 39 senatoaren stimden foar en 36 tsjin, wat betsjut dat in ús fertsjintwurdigjend ynstitút der net bepaald unanym fan oertsjûge is dat dit in goed idee is. Wiegel neamt it referindum noch altyd oeral wêr't hy kin 'de bijl aan de wortel van de democratie'. Us âld-kommissaris fan de - doe noch - Keninginne wit tige goed wannear't hy in klassiker te pakken hat. Punt is: hy hat gelyk, ast it my fregest.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Earst even: it is noch net besletten dat dit 'm wurdt. Want dit giet oer in grûnwetswiziging, en dat betsjut dat beide keamers nei ferkiezingen der nochris oer stimme moatte, en dan moat der ek noch twatredde mearderheid wêze. It wie foaral D66 dy't it der hieltyd troch ha woe, en dat slagge úteinlik allinnich yn 'e foarm fan kompromissen, mei as resultaat dat we twa ferskriklike referinda hân ha. Dat wie yn 2005 in referindum oer de Europeeske Grûnwet op basis fan in tydlike referindumwet, en yn 2016 in riedjouwend referindum oer de ratifikaasje fan in assosjaasje-oerienkomst mei Oekraïne. Wat dat ek wêze mei.

De útkomsten dêrfan binne dêrnei net rjocht dien. Neffens my wie dat mar goed ek, mar it punt is al dat it op besoademiterderij like. En dat wie it ek, allinnich giet dat net oer de ynhâld fan it referindum, mar oer it fenomeen referindum sels. It resultaat fan it lêste referindum hat einliks allinnich mar Forum voor Democratie west - ek al sa'n demokratysk suksesferhaal. It is wier in bile oan 'e woartel fan 'e demokrasy.

Ik hie ea in freon dy't sei: jo moatte minsken bûten ferkiezingen oer nea mear stimme litte as hûnestront. Dat klinkt as dedain foar de measte minsken, mar wat er bedoelde wie dat we wol wat oars te dwaan ha as it lêzen fan it ferdrach ta it fêststellen fan in Grûnwet foar Europa - ja, ik wit noch goed dat it ús allegearre tastjoerd is, yn 2005. In gruttere fergriemerij fan papier ha ik noch nea sjoen. Yn 2016 moasten we begripe wat in assosjaasje-oerienkomst tusken de Europeeske Uny en Oekraïne ynhold. No moatte je je altyd goed ynlêze yn saken dy't je bespotlike ûnsin fine, en dat ha ik doetiids ek dien, mar ik soe dy der no neat mear oer fertelle kinne.

In synyske ferzje fan my tocht doetiids: se litte dit allegearre barre sadat dúdlik wurdt watfoar ûnsin sa'n referindum is. It hie op my effekt: ik ha net stimd. Dat diene der mear, der wie in opkomst fan 32 prosint, en 61% dêrfan stimde tsjin. De kiesdrompel waard helle en op basis fan 2,5 miljoen stimmen op in totaal fan 12,8 miljoen kiezers moast Rutte dus wat mei dit net-binende referindum. In gruttere politike púnheap hast nea earder sjoen, en wie oalje op it fjoer fan harren dy't 'Den Haag' in korrupte binde fine. In jier letter siet Thierry Baudet mei twa sitten yn 'e Twadde Keamer, in partij dy't yntusken ek yn diggels leit.

Dit kear komt it foarstel net fan D66. By it oantreden fan it krekt fallen kabinet moasten sy de referindumkeutel wer pynlik ynlûke, om't se meiregearje woene mei CDA en VVD, twa partijen dy't neat ha moatte fan in referindum. It resultearre yn in bizarre gearkomste yn 'e Twadde Keamer yn 2017, neidat D66 krekt op in kongres besletten hie dat it folk har útsprekke mei oer fan alles, mar net mear oer ynternasjonale ferdraggen. It wie hilarysk, as it net sa suterich wie. Demokrasy freget ûnderhâld, en D66 hat der foaral skrassen op makke mei dizze kroanjuwiele-ûnsin.

It is al trije kear mislearre om in binend referindum yn te fieren. De SP besocht it dizze fjirde kear. Ik fyn de kwestje frij simpel: we kieze op gemeentlik, provinsjaal en lanlik nivo ien kear yn 'e fjouwer jier in tal minsken om ús te fertsjintwurdigjen, minsken dêr't we fan miene dat sy harren goed ferdjipje kinne yn yngewikkeldere kwestjes as hûnestront, en mei gearkomsten en stimmingen de saken foar ús regelje. As se dat net nei ús sin dogge, stimme we dêrnei op in oar. Dat is in helder systeem, en foarkomt dat ik Oekraïne-ferdraggen lêze moat.

We ha ynkoarten wer ferkiezingen. Sa kinne we dan bygelyks kieze foar partijen dy't foar it binend referindum binne, D66, ChristenUnie, PVV, SP, 50Plus, Partij voor de Dieren, Forum voor Democratie en wat ôfsplitsingen, of foar partijen dy't tsjin it binend referindum binne, VVD, CDA, SGP, PVDA en GrienLinks. Wiegel soe it wol witte."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)