Fryske muzykkorpsen ha minder leden troch coronakrisis

It tal leden fan Fryske muzykkorpsen is yn 2020 ôfnaam. Fan de 10.000 leden binne se it ôfrûne jier sa'n 370 kwytrekke. In krimp fan in lytse fjouwer prosint, seit Johan Meesters. Hy is foarsitter fan de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân (OMF). "De ôfrûne jierren binne wy groeid, mar dit jier is dat spitigernôch net slagge. Myn idee is dat it komt troch de coronakrisis."
Repetysje fan muzykkorps Concordia Aldeboarn © Omrop Fryslân
Neffens Meesters giet it dan net allinnich om minsken dy't dermei ophâlde om't se net spylje kinne, mar ek om't der gjin nije ynstroom is. "We krije der fansels elk jier nije jeugdleden by, mar wy kinne dit jier net by skoallen del en wy kinne ek gjin oare projekten organisearje. Dus der komt fan de ûnderkant neat by om it sa mar te sizzen."
Der wurdt lanlik noch sjoen oft it gefoel fan Meesters kloppet en it yndie komt troch de coronakrisis. "Wy ha ús al earder útspruten nei de polityk, mar doe gie it om jild. Mar dit is ek in sinjaal dat we jaan wolle, dat it neist jild benammen ek giet om minsken."
Meesters tinkt net dat de delgong dit jier ophâldt. "Ek de kommende tiid kinne wy as muzykferienings net in soad dwaan. Dus it grutste probleem, dat der gjin jonge minsken bykomme, dat probleem hâlde we noch wol efkes bin ik bang."
Johan Meesters fan de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân