Natuerlik wettersysteem moat weromkomme op Griene Strân Skylge

28 jan 2021 - 06:48

Steatsboskbehear wol op Skylge it wetter better en langer fêsthâlde, yn it gebiet fan it Griene Strân oant it Griltjeplak. Dêrom wurde der no plannen makke om it natuerlike wettersysteem te werstellen. It giet rûchwei om it earste gebiet oan de rjochterkant as je fan West-Skylge rjochting de Noordsvaarder kuierje.

Sjoch nei de plannen op Skylge

Ien fan de earste saken dy't je dan tsjin komme, is it swiete wetter dat no wol hiel maklik dit gebiet ferlit troch in sleat en en dûker. It is de bedoeling dat dy sleat demme wurdt en dat jildt ek foar sleatten fierderop yn it gebiet.

As it wetter langer stean bliuwt, sakket it nei ûnderen. Uteinlik komt it dan hiel mineraalryk wol wer nei boppen. En dat smyt in hiele rike floara en ynsekten op. Ek binne der seldsume fûgels dy't hjirfan profitearje kinne.

Ien fan de sleatten dy't dempt wurde moat of ûndjipper - Foto: Omrop Fryslân/Remco de Vries

"Recht door het Groene Strand ligt een sloot en die mondt uit in de Waddenzee", seit boskwachter Joeri Lamers. "Die voert eigenlijk te veel water af."

"Ook in de hele droge periodes terwijl je juist dan heel veel water vast wil houden. We proberen nu door die sloten grotendeels te dempen en wat meer natuurlijke waterlopen terug te brengen het water langer vast te houden."

'Duinbeek herstellen'

Troch dizze yngrepen soe der wat werom komme kinne, dat ferdwûn is út Nederlânske dúnlânskippen: in dúnbeek. "In principe herstellen we nu een systeem dat er 100 of 150 jaar geleden ook was", seit Lamers. "Er liep toen door de duinvallei een soort duinbeek die tussen de duintjes door, door laagtes naar het Wad afstroomde."

De begrutting foar dizze put is noch net rûn en der wurdt noch oerlein mei de eilanners oer hoe't it krekt komme moat. As alles goed giet, soe it wurk yn septimber begjinne kinne.

It Griene Strân - Foto: Omrop Fryslân/Remco de de Vries

Op guon plakken, lykas it Griltjeplak, kin de oanpak derfoar soargje dat der nei rein minder wetter komt te stean omdat it him ferspriedt troch it hiele gebiet. Der rinne no ferskillende paden troch hinne en omdat it deun tsjin West-Skylge oanleit, kin it der behoarlik drok wêze.

Neffens Lamers wurdt dêr wol rekken mei hâlden. "Over het algemeen is het zo dat als je meer oppervlaktewater ziet dat dat op de recreatie ook een goede invloed heeft. Mensen vinden het heel mooi om water te zien en er komen veel vogels op af. Maar we zullen wel een aantal dingen moeten doen, want bepaalde paden zullen wat natter worden. Daar willen we dan gaan kijken of we er met vlonders of met bruggetjes een extra beleving aan kunnen geven."

(Advertinsje)
(Advertinsje)