Fryske wenningfoarried nimt in lyts bytsje ta mei 2163 nijbouwenten

28 jan 2021 - 06:15

Yn Fryslân binne foarich jier 2163 nijbouwenten boud. Dêrtroch is de wenningfoarried yn ús provinsje groeid mei 0,71 prosint. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).

In man besjocht it wenningoanbod - Foto: ANP

Harm Weistra yn petear mei makelder Ieuwe Wijmenga

De ôfrûne jierren waard der, mei útsûndering fan 2019, minder boud yn Fryslân en groeide de wenningfoarried minder hurd troch nijbou. Nettsjinsteande de stikstofkrisis soarge de nijbou yn de lêste twa jier dus foar in gruttere bydrage oan de wenningfoarried as yn de jierren dêrfoar. Yn 2013 waarden der bygelyks mar 1350 huzen boud, wat soarge foar in groei fan wenten fan noch gjin heal prosint.

Underlinge ferskillen

Yn fergeliking mei oare provinsjes komt Fryslân der min ôf. Allinnich yn Seelân en Drinte wie de groei troch nijbou noch leger. Binnen ús provinsje binne der ek grutte ferskillen. Sa groeide it tal wenten yn Harns bygelyks mei 1,5 prosint, wylst it yn Smellingerlân mar mei 0,2 prosint tanommen is.

Trefwurden: 
CBS wenningbou
(Advertinsje)
(Advertinsje)