Taktyk Hearrenfean ferrifelet toptrainer Dick Advocaat: "Dat was het plan"

28 jan 2021 - 00:33

"Het was dik voor mekaar." Dat sei trainer Johnny Jansen nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Feyenoord. Dy wûn Hearrenfean mei 3-0.

Foto: Orange Pictures

Mei de winst komt der in ein oan in minne rige fan Hearrenfean. Dy ploech hie al alve wedstriden op rige net mear wûn.

Hearrenfean spile no mei in iepen linkerkant. Dy taktyk ferrifele toptrainer Dick Advocaat fan de Rotterdammers, dy't net wist wat er dermei oan moast. "Dat was het plan", seit Jansen. "Zo is het gewoon. Het werkte heel goed."

Johnny Jansen

"We hadden wel het gevoel dat hier wat te halen was. Voor de winter hebben we verloren van Feyenoord, maar toen hebben we wel gezien waar de mogelijkheden lagen. Die hebben we in deze wedstrijd wel blootgelegd."

"We kunnen het wel"

Dat de ploech alve kear op rige net wûn hie, wie foar elkenien ferfelend, seit middenfjilder Joey Veerman. Hy iepene de skoare tsjin Feyenoord. "Voor iedereen is dit heerlijk."

"Wij willen één ding, en dat is de weg omhoog weer pakken. Het voetbal was niet goed. Maar vandaag winnen we met 3-0, en met goed voetbal. Dus we kunnen het wel."

Joey Veerman

"Ik heb de afgelopen weken wel gedacht: 'het hield niet over'. Dat waren pijnlijke momenten. Gelukkig hebben we het om weten te draaien. Tot zondag schijnt de zon."

(Advertinsje)
(Advertinsje)