Twa doelpunten yn twa minuten: Hearrenfean wint 'pets-pats-boem' fan Feyenoord

In magistraal Hearrenfean hat mei 3-0 wûn fan Feyenoord. It is foar it earst yn tolve wedstriden dat de Friezen wer in wedstriid winne.
© Orange Pictures
Harkje nei it live-ferslach: binnen twa minuten skoarde Hearrenfean twa kear
De earste twa doelpunten foelen healweis de earste helte, flak nei mekoar. Yn minút 28 wie it Joey Veerman dy't de skoare iepene, op oanjaan fan Siem de Jong. Noch gjin twa minuten letter ferdûbele Pawel Bochniewicz de foarsprong foar Hearrenfean, út in hoekskop.
Ferslachjouwer Arjen de Boer koe it hast net leauwe; "Wat in wielde! Sa kreëarje je net in kâns tsjin Heracles Almelo, en sa steane je nei in healoere fuotbal pets-pats-boem mei twa-nul foar."
Hearrenfean spile mei it mes tusken de tosken. De Friezen leine protten enerzjy yn de wedstriid. Feyenoord net. Yn de twadde helte waard it ferskil allinne mar grutter. Fiif minuten nei it skoft makke Mitchell van Bergen de 3-0.
© Orange Pictures
Mitchell van Bergen makket de 3-0 tsjin Feyenoord
De oerwinning wie hurd nedich, seit De Boer. De klup siet yn swier waar. Sûnt 1 novimber hie Hearrenfean alve kompetysjewedstriden spile, en net ien kear wûn. "Wat hat Jansen, wat hat de ploech, wat hat de klup dit nedich."
Oer twa wiken spilet Hearrenfean opnij tsjin Feyenoord, opnij yn it Abe Lenstra Stadion. Dan giet it om de kwartfinale fan it bekertoernoai.
SC Hearrenfean - Feyenoord 3-0 (2-0). 28. J. Veerman; 30. Bochniewic; 50. Van Bergen.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus (81/Akujobi), Dresevic, Bochniewicz, Kaib; Kongolo, Halilovic, J. Veerman, De Jong (65/Van Hecke); H. Veerman, Van Bergen (81/Nygren).