Direkteur Van der Valk Drachten: 30 meter hichte is foar ús it minimum

27 jan 2021 - 18:35

Tritich meter is foar direkteur Sjoerd Langebeek fan it Drachtster Van der Valkhotel de minimumhichte foar it nije hotel dat er bouwe wol oan de Lavendelheide. It gemeentebestjoer fan Smellingerlân hat it plan mei in posityf advys trochstjoerd nei de gemeenteried, mar de buorlju fan it hotel oan Oerterper Fallaat meitsje beswier tsjin 'de skaal en hichte' fan de nijbouplannen.

It ûntwerp foar it nije Van der Valkhotel yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân

"Wij willen graag investeren in Drachten, maar het is voor ons van levensbelang om goed zichtbaar te zijn vanaf de snelweg A7", seit Sjoerd Langebeek. "In het verleden was het hotel ook goed zichtbaar, maar er is zoveel bebouwing voor gekomen dat we wel de hoogte in moeten."

De grutte en de hichte binne neffens de hoteldireksje ek nedich foar in 'ekonomysk ferantwurde eksploitaazje' fan it fernijde hotel.

'In stevich bedrach'

Van der Valk is fan doel om in stevich bedrach te ynvestearjen, seit Langebeek. "Het gaat om een substantiëel bedrag." Hy wiist der op dat it Van der Valkhotel it iennige hotel fan Drachten is en yn in dúdlik ferlet foarsjocht.

"Voor de coronacrisis draaide het hotel hartstikke goed. Het is nu uiteraard een stuk minder, maar wij hebben zeker vertrouwen in Drachten."

Beswieren út de buert

De hoteldireksje hâldt neffens Langebeek seker rekken mei de beswieren út de buert. "Een paar jaar geleden was het plan om een nieuw hotel van 50 meter hoog te bouwen. Daar bestond zoveel bezwaar tegen, dat wij het hebben ingetrokken."

Oer it plan dêr't de polityk fan Smellingerlân nije wike oer praat binne fjouwer ynformaasjejûnen hâlden. "Wij houden wel degelijk rekening met de buurt, maar we kunnen hen niet in alles tegemoet komen. Een hoogte van dertig meter is voor ons echt het minimum."

(Advertinsje)
(Advertinsje)