Plysje hâldt trije minsken oan dy't oproppe te rellen yn Drachten

De plysje hat trije minsken oanholden, dy't oproppen hiene te rellen yn Drachten. It giet om twa mannen fan 19 jier âld, en ien minderjierrige. Se sitte fêst. Dat meldt de plysje.
It bleau rêstich yn Drachten
Ien fan de mannen komt út de gemeente Opsterlân. De oare twa binne yn Drachten oanholden. De plysje slút net út dat der mear minsken oanholden wurde. Neffens de plysje is der sprake fan 'opruiing'.
Minsken fan de plysje, de ME, en de befeiliging wiene woansdeitejûn manmachtich oanwêzich yn Drachten. Earder op de middei waard dúdlik dat dêr in needferoardering útjûn is fanwege driigjende rellen. De situaasje bleau rêstich.
De tagongsdiken waarden wol kontrolearre, der wiene peletons fan de ME yn it sintrum, en de plysje wie mei in protte minsken yn de wenwyk De Wiken. By in skoalle yn dy wyk soene relskoppers by mekoar komme wolle.