Needferoardering yn Drachten: "Het is makkelijk wijzen naar de jeugd"

27 jan 2021 - 18:51

De ûndernimmersferiening fan Drachten ropt winkellju op de eagen goed iepen te hâlden, no't der in needferoardering ôfkundige is, fanwege driging fan rellen. Foarsitter Douwe Blom seit dat minsken in ekstra slach om it gebou rinne moatte. "Sjoch oft der neat leit en ast rollûken hast: doch se ticht."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie yn Drachten

De needferoardering is ôfkundige nei oanlieding fan oproppen op ynternet. Jongeren soene nei Drachten komme wolle om problemen te feroarsaakjen.

Jeugdwurkers binne aktyf de strjitte op gien. Se besykje de jongerein derfan te oertsjûgjen dat it rellen neat opsmyt. En se meitsje filmkes dy't online ferspraat wurde kinne.

"Ik probeer ze duidelijk te maken dat ze een vinkje achter hun naam krijgen, als ze gepakt worden", seit jongerenwurker Marien van Weert. "Dan krijgen ze nooit meer een VOG, een 'verklaring omtrent gedrag'".

'Onzinnige vernielingen'

David is jongere yn Drachten. Hy sjocht de oproppen foarby kommen. "Ja, ik zie de foto's waarin opgeroepen wordt te komen rellen."

Sels snapt er net dat minsken soks dogge, seit er. "Kijk, ik kan wel lachen als ik zie dat een politieauto omgegooid wordt. Maar die onzinnige vernielingen van winkels, man, blijf van een ander z'n eigendom af."

Oare jongerein bûten it jeugdhonk yn Drachten is it mei him iens. Se sitte jûns thús. "Ja man, een beetje muziek luisteren, gamen. Netflix kijken." Mar se misse it al, it hingjen op strjitte. "Ik ga 's avonds graag even naar buiten, beetje chillen. Nu doe ik dat op bed, in m'n kamer."

'Makkelijk wijzen naar de jeugd'

David fynt dat der te negatyf sjoen wurdt nei de jeugd: "Het zijn maar een paar die aan het rellen zijn. De rest zit thuis. Houdt zich aan de regels."

Jongerenwurker Marian van Weert befêstiget syn ferhaal. "Het is makkelijk wijzen naar de jeugd. De meeste jongeren zitten wel 's avonds thuis. Die staan niet op straat." Se hopet dat har oproppen súskesfol binne.

Foar David is it helder. "Iedereen die nu op straat loopt te rellen helpt ook niet echt. We willen allemaal af van die verdomde maatregelen. Dan is het wel zo handig om je gewoon even in te houden. Dan mag er straks heus wel weer meer."

(Advertinsje)
(Advertinsje)