Driging fan rellen yn Drachten: gemeente stelt needferoardering yn

Foar Drachten jildt in needferoardering. De gemeente is benaud foar fersteuring fan de iepenbiere oarder. De maatregel is yngien om fjouwer oere, en jildt in hiele wike.
© Srfotografie
De plysje meldt dat minsken online oproppen waarden om yn en om de binnenstêd fan Drachten by mekoar te kommen.
De gemeente is der 'sjoen de ynhâld fan de oproppen' benaud foar dat se as doel ha minsken by mekoar te bringen "om onder andere de confrontatie met de politie aan te gaan, vernielingen te plegen en winkels te plunderen".
De needferoardering is ôfjûn troch boargemaster Jan Rijpstra, "vanwege vrees voor wanordelijkheden en verstoringen van de openbare orde". Dêr wol de boargemaster gjin fierdere taljochting op jaan.

Boetes en finzenisstraffen

No't der in needferoardering jildt, kin de plysje minsken oanhâlde as se de yndruk jouwe dat se de iepenbiere oarder fersteure wolle. It is ferbean om kapûsjons, bivakmûtsen of maskers te dragen.
Oanwizingen fan de plysje of oare hanthaveners moatte fuortendaliks neikaam wurde. Wa't dat net docht, kin in finzenisstraf krije fan trije moannen, of in jildboete fan mear as 4.000 euro. Dat meldt de gemeente.

Strangere maatregels

Foar fannacht binne der noch strangere maatregels troffen. Oan seis oere moarns is hiel Drachten in saneamd 'feilichheidsrisikogebiet'. De plysje mei dan previntyf fûillearje.
Moandei hie de gemeente Ljouwert ek in needferoardering ôfkondige. Dêr bleau it rêstich.