Bewenners Waadeilannen hoege net nei fêste wâl foar faksinaasje

27 jan 2021 - 15:54

Minsken dy't op de Waadeilannen wenje, hoege net nei de fêste wâl foar in coronaprik. Dat meldt de Fryske GGD. It is de bedoeling dat de earste faksinaasjes healweis febrewaris dien wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Alderen en soarchpersoniel wurde as earste faksinearre, meldt de GGD. Dat soe per eilân in pear dagen duorje kinne. De GGD meldt dat 85-plussers dy't op de eilannen wenje, in brief thús krije kinne dêr't yn stiet dat se nei de fêste wâl moatte foar in coronaprik. Dy kinne se fuortsmite.

De Fryske GGD wol de kommende tiid faker nei de eilannen, om alle minsken fan boppe de 18 te faksinearjen.

Earder pleite boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân al foar in spesjale behanneling fan de eilannen. Hy hie it leafste sjoen dat der ien grutte faksinaasjeronde kommen wie.

"Het is niet voor iedereen even gemakkelijk om naar een centrale priklocatie te gaan, en een verzorgingshuis op een eiland is te klein, als de vaccins met duizenden tegelijk komen. Dan kun je beter alle inwoners in één keer vaccineren", sei er doe.

Der wurdt fan alles sein oer it coronafaksin, mar hoe wurket it no eins echt en wat sit der allegearre yn? Earder makken we dêr dit lange artikel oer. En op de dei dat yn Fryslân it earste faksin set waard, makken we dizze útstjoering fan Fryslân Hjoed, mei longdokter Wouter van Geffen en sjoernaliste Martine van der Steege.

(Advertinsje)
(Advertinsje)