Coronasifers sakje nei ûnder de 200 yn trochsneed deis, foar it lêst sa yn desimber

27 jan 2021 - 15:39

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 169 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 4 minder as tiisdei. Doe gie it om 173 besmettingen. Gemiddeld binne der de ôfrûne wike alle dagen minder as 200 minsken besmet rekke mei it coronafirus. Dat wie foar it lêst sa op 17 desimber. It wyksifer leit no op 199 gefallen.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân ( 25). Ien nije persoan is nei it sikehûs rekke. Dat giet ek om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.

Stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren sân stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen (1), De Fryske Marren (1), Eaststellingwerf (1), Smellingerlân (2) en Súdwest-Fryslân (2).

Lanlik

It lanlike tal nije coronabesmettingen leit mei 4774 krekt wat ûnder it wyktrochsneedsifer opsplist nei dagen. Yn de ôfrûne sân dagen binne der yn totaal 34.802 nije gefallen meld. Dat komt del op 4972 de 24 oeren. It nijste oantal (4774) is dus leger.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)