Rjochter: Ferkeap âlde gemeentehûs yn Kollum moat opnij

De gemeente Noardeast-Fryslân moat de ferkeapproseduere fan it âlde gemeentehûs yn Kollum opnij dwaan. Dat hat de foarsjenningerjochter woansdei bepaald.
© RTV NOF
Wethâlder Theo Berends fan Noardeast-Fryslân
De gemeente hie it âlde gemeentehûs yn Kollum gund oan it bedriuw Fotocadeau. Dy gunning moat de gemeente binnen in wike ynlûke, sa oardiele de rjochter woansdei. As de gemeente it gebou asnoch ferkeapje wol, sil de folsleine proseduere oerdien wurde moatte.

Koart pleit

It koart pleit tsjin de gemeente wie oanspand troch KMS Beheer en Bulten Vastgoed. Nei de sitting fan trije wiken lyn die de rjochtbank woansdei útspraak.