Tal coronapasjinten yn sikehuzen sawat gelyk bleaun

27 jan 2021 - 13:51

Yn de Fryske sikehuzen wurde op dit stuit 70 pasjinten behannele foar in coronabesmetting. Fan dy santich minsken lizze 22 op de intensive care. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. Moandei wiene de getallen noch: 72 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen, fan wa 23 op de IC.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Yn Grinslân is it tal coronapasjinten yn it sikehûs woansdei hast gelyk oan de sifers yn Fryslân. Yn Grinslân lizze 72 coronapasjinten yn it sikehûs, fan wa 23 op de IC. Yn Drinte binne 46 pasjinten opnaam mei in Covid-19-besmetting. Fan harren lizze 14 op de intensive care.

Trefwurden: 
coronafirus ROAZ
(Advertinsje)
(Advertinsje)