Brune float krinkt troch suggestje fan fraude troch steatssekretaris

De brune float yn Harns is lilk op steatssekretaris Mona Keijzer (CDA). Yn augustus sei it regear 15 miljoen euro ta om de skippers de krisis troch te helpen, mar dat jild ha de skippers noch hieltyd net krigen. Frysk Keamerlid Aukje de Vries (VVD) stelde fragen wêrom't dat sa lang duorret. Keijzer seit dat de stipe tichttimmere wurde moat om fraude foar te kommen en dat is yn it ferkearde kielsgat sketten by de brune float, seit skipper Aart Puper.
Brune float lilk
De skippers fregen fan 't simmer omtinken foar de kwestje troch mei de skippen foar it eilân Pampus lizzen te gean. Nei de aksje sieten de wurdfierders om tafel mei steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken en Klimaat. Der waard 15 miljoen euro tasein. De oerheid stelde it jild beskikber fanwegen de histoaryske wearde fan de brune float.

Kritearia

It soe lykwols net dúdlik wêze hokker skippen ûnder de regeling falle. Neffens de steatssekretaris moatte de kritearia dêrfoar earst dúdlik wurde foar't it jild takend wurde kin. "Helaas worden we inmiddels geconfronteerd met fraude", sei Keijzer yn de Twadde Keamer oer stiperegelingen. "Het gaat om een klein percentage, maar het drukt ons wel met onze neus op de feiten. We moeten op zorgvuldige wijze goede en uitvoerbare regelingen vormgeven."
Oft de brune float it lykwols sa lang sûnder stipe folhâlde kin, is de fraach. "Het geld is gewoon nodig en snel", seit Puper.
Keijzer tinkt yn febrewaris pas mear dúdlikens jaan te kinnen oer hoe't it komt mei it jild. Dat fynt skipper en brune float-foarsitter Paul Scheffer op syn sêftst sein 'ferwûnderlik'. Hy begrypt net wêrom't it sa lang duorret foar't it jild takend wurdt, wylst yn augustus al bekend waard dat der jild beskikber wie.

Underskied

Puper begrypt de eangst foar fraude wol, mar hy freget him ôf wêrom't der ûnderskied makke wurdt tusken dizze en de oare stipemaatregels. "Waarom zijn ze bij de NOW of TVL bijvoorbeeld minder bang voor fraude dan bij een regeling voor de bruine vloot, waarbij alle gegevens zoals kwartaalaangiften bekend zijn." Dêrneist binne alle skippen registrearre. "Als ze hun eigen gegevens nakijken, is de fraude makkelijk te ondervangen."
Wethâlder Paul Schoute oer de stipe
Aart Puper © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De skippers soene har neffens Scheffer net skuldich meitsje oan fraude, want "schip en schipper zijn als het ware getrouwd. Het is een hele andere geestelijke benadering."Dêrneist sjocht der by it farren altyd in boekhâlder mei. "Ik denk dat die zijn naam en vergunning te grabbel gooit als hij meewerkt aan een frauduleuze aanvraag." Puper en Scheffer sizze har krinkt te fielen troch de suggestje fan fraude.
De skippers hoopje de wyn gau wer yn de seilen te hawwen en wer foarút te kinnen. "Laten we positief blijven en hopen dat van het voorjaar het geld voor de bruine vloot er is, zodat we het nodige onderhoud kunnen doen en kunnen overleven. Veel schippers staan namelijk op omvallen."
Skipper Aart Puper en Paul Scheffer