Omwenners net bliid mei útwreiding Van der Valk Drachten: "Wy lizze ús der net by del"

27 jan 2021 - 12:58

Yn buorskip Oerterper Fallaat by Drachten is argewaasje oer de nijbouplannen fan it Van der Valk-hotel. Dy wol útwreidzje mei sechstich keamers en dan yn in nijbou fan 30 meter heech. Dat is twa kear sa heech as it hotelgebou fan no. De nijbou soe ek nochris tichterby it buorskip komme. Bewenners lizze harren der net by del.

Omwenners net bliid mei útwreiding Van der Valk Drachten: "Wy lizze ús der net by del"

Willem Bouma wennet yn Oerterper Fallaat. Hy en de measte buorlju sjogge de bouplannen net sitten. De buert hat dêr muoite mei fanwege de hichte en skaal. Boppedat binne se der ek net echt by belutsen en dat wylst de measte huzen yn de buert gemeentlik monumint binne De nijbou past der net. Bouma: "It hûs fan ús buorlju is fan 1786, ús skuorre is fan 1860 en ús hûs fan 1895. Dit is it restant fan wat ea 45 huzen wiene." Oerterper Fallaat leit ynklemd tusken autodiken en bedriuweterrein. No ek noch in folle heger hotel foar de noas fine de buertbewenners tefolle.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De buert hat gjin problemen mei de toekan en de piramide fan it Van der Valk-hotel sa't it der no by stiet. "Mei gebouwen fan 17 of 18 meter heech kinne wy libje, mar de nijbou wurdt folle heger en komt ek nochris tichterby." Neffens Bouma is foar Van der Valk sichtberens fan de grutte dyk ôf wichtich. "Dan moatte se mar fierderop bouwe. Wy lizze ús der net by del." Bouma is ree om nei de Ried fan Steat te stappen om beswier te meitsjen. Hy ferwachtet dat de nijbou sa yn elts gefal mei in pear jier fertrage wurde kin.

Willem Bouma fan Oerterper Fallaat oer de útwreidingsplannen fan Van der Valk

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier is bliid mei it ynvestearringsplan fan Van der Valk. "Het hotel is nu gedateerd. Het plan voor nieuwe, duurzame hotelkamers met meer comfort is goed voor Drachten. Het is goed voor conferenties en congressen en ook goed voor toerisme en economische reuring."

De wethâlder is bekend mei de beswieren út Oerterper Fallaat. Neffens him is de grienstrook tusken it Fallaat en it hotel in goeie buffer. "Overleg met de buurt is goed, maar dat betekent niet dat de buurt een veto heeft." De buert hat it rjocht om beswier te meitsjen, seit de wethâlder, mar hy hopet dat it safier net komt. "Ik zou het mooi vinden als de nieuwbouw nog dit jaar zou kunnen beginnen."

De polityk fan Smellingerlân praat nije wike oer de saak.

Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier oer de nijbouplannen

(Advertinsje)
(Advertinsje)