Ministearje moat tsien adressen stikstofboeren bekend meitsje

27 jan 2021 - 11:15

It ministearje fan Lânbou moat bekend meitsje fan hokker tsien boerebedriuwen yn Noard-Nederlân saneamde PAS-meldings komme. Dat hat de Ried fan Steat besletten. De heechste rjochter folget dêrmei de útspraak fan de rjochtbank Noard-Nederlân. LNV en boereorganisaasje LTO wiene yn berop gien tsjin de útspraak fan de rjochter en nei de Steatsried stapt.

In gearkomste fan de Ried fan Steat yn Den Haag - Foto: Wikipedia, Creative commons

Boerebedriuwen hiene fan 2015 oant 2019 gjin fergunning nedich by beheinde stikstofútstjit. Doe wie de Programma Aanpak Stikstof (PAS) fan krêft. In melding dwaan wie genôch.

Miljeuorganisaasje wol adressen witte en stapt nei de rjochter

In mijieuorganisaasje hie de minister frege om alle PAS-meldings yn dy perioade iepenbier te meitsjen om sa in goed byld te krijen fan de stikstofútstjit. De minister hat sawat 3500 meldingen iepenbier makke, sûnder de lokaasjes te melden. De miljeuorganisaasje brocht de saak doe foar de rjochter.

Earst útspraak oer 10 fan de 3500 meldings

De rjochtbank Noard-Nederlân besleat út praktyske oerwagings earst útspraak te dwaan oer tsien meldings fan boerebedriuwen yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel. Fan de rjochtbank moast de minister ek de lokaaasjegegevens iepenbier meitsje, mar dêr kaam ferset tsjin.

LTO yn heger berop

It Ministearje fan LNV en boere-organisaasje LTO Noard giene yn heger berop by de Ried fan Steat. Dy hat de miljeuorganisaaaje dy't de namme Coöperatie Mobilisation for the Environment U.A. (MOB) hat, no yn it gelyk steld.

Gefolgen útspraak

De minister moat dus no de lokaasjegegevens fan de tsien boerebedriuwen iepenbier meitsje. De rjochtbank kin de saak oer de oare PAS-meldings yn behanneling nimme.

Trefwurden: 
boeren rjochtbank stikstof PAS
(Advertinsje)
(Advertinsje)