Ofrûne jier hast 60 persint minder muskusrotten fongen yn Fryslân

De muskusrottefangst yn Fryslân is yn 2020 mei 57 persint ôfnaam yn ferhâlding ta it jier derfoar. Yn 2019 waarden der 751 muskusrotten fongen, yn 2020 wiene it der 323. Dat docht bliken út sifers fan Wetterskip Fryslân.
© Omrop Fryslân
It Fryske wetterskip fong ôfrûne jier dus goed de helte minder muskusrotten as in jier earder. Dat betsjut dat it wetterskip de populaasje hieltyd better ûnder kontrôle krijt.
Fryslân stiet fan alle wetterskippen yn Nederlân boppe-oan wat it oantal fangsten de kilometer wettergong oanbelanget. Bestriding is suksesfol as dat oantal 0,15 of leger is. Yn Fryslân wie dat 0,01.
Lanlik waarden der ôfrûne jier 47.772 muskusrotten fongen, in delgong fan fiif persint yn ferhâlding mei in jier earder.

Skea

Muskusrotten komme fan natuere net foar yn Nederlân. De bisten hawwe hjir gjin natuerlike fijannen. Se binne hjir troch minsklik hanneljen bedarre.
Se wurde fongen om't se gongen en gatten grave yn diken en wetterkanten. Ek meitsje se nêsten mei grutte ûndergrûnske gongestelsels. Sa feroarsaakje se fersakkings yn diken en kades. Yn it slimste gefal kin in dyk of kade trochbrekke en in polder ûnder wetter rinne.
De bistjes wurde fongen mei in koai, dêr't se yn rinne kinne, mar net mear út. De bestriding fan muskusrotten is yn Nederlân by wet regele. It doel is om de populaasje sa lyts mooglik te hâlden, sadat de skea beheind bliuwt.

Bedriging foar bioferskaat

De muskusrôt foarmet ek in bedriging foar it bioferskaat. Se stean dêrom op de Europeeske list fan ynvasive soarten. Ek ite se planten as reid en tuorrebout en kinne se lânseigen bistsoarten ferdriuwe, lykas fûgels dy't yn itselde reid wenje as de muskusrôt.
Der binne lanlik folle mear beverrotten fongen. Der waarden ôfrûne jier 1.344 beverrotten yn it nekfel grypt; in stiging fan 12 persint. Dy bisten wurde benammen by de Dútske grins del fongen, om't se dêr wei komme.