Cambuur shopt foar de simmer: Doodeman komt nei Ljouwert

27 jan 2021 - 10:24

Sportklup Cambuur is al dwaande mei de transferperioade fan kommende simmer. De Ljouwerter klup hat fleugeloanfaller Nick Doodeman fêstlein foar it takom seizoen. Doodeman spilet no noch foar FC Volendam.

Foto: SC Cambuur

Doodeman kaam yn de ôfrûne jierren 125 kear yn aksje foar de Volendammers. Dit seizoen makket er yndruk mei acht doelpunten en tsien assists yn tweintich wedstriden. Dêrmei is er de assistkening fan de Keuken Kampioen Divisie.

Technysk manager Foeke Booy is wiis mei de oankeap foar takom seizoen: "Nick is een echte teamspeler die past bij onze speelwijze. Wij volgen hem al langer en met zijn diepgang, overzicht en passing kan hij zeker van toegevoegde waarde zijn. Dat blijkt ook wel uit zijn rendement. Daarnaast is het een fijne persoonlijkheid en iemand die hard wil werken voor het team. We zijn kortom blij dat hij voor ons project heeft gekozen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)