Fryske teäters sykje gearwurking om coronakrisis te oerlibjen

27 jan 2021 - 09:19

Fiif grutte Fryske teäters meitsje har grutte soargen oer de gefolgen fan de coronakrisis. Om derfoar te soargjen dat se dochs goed út dizze perioade komme, sykje se no de gearwurking mei-elkoar. It giet om De Harmonie yn Ljouwert, De Lawei yn Drachten, Posthuis Theater op It Hearrenfean, de Frjentsjerter Koornbeurs en Theater Sneek. Se freegje it ministearje fan Kultuer om in subsydzje fan fjouwer miljoen euro.

Theater Sneek - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Mei har fiven hawwe se har feriene yn it Fries Schouwburg Overleg (FSO). Mei de provinsje en gemeenten is it inisjatyf naam om te soargjen dat de kultuerketen funksjonearjen bliuwt en dat de ferbining mei it publyk bestean bliuwt. "We zijn al lange tijd gesloten en er is heel weinig zicht op wanneer we weer open kunnen en in welke vorm", leit Wiebren Buma fan Theater Sneek út.

'Wendbaar en weerbaar'

De teäters wolle derfoar soargje dat se yn de takomst bestean bliuwe kinne yn situaasjes fan ûnmacht. Se wolle 'wendbaar en weerbaar' wurde. It ferbûn freget dêrom in Aanjaagfonds oan dat derfoar soargje moat dat teäters fernijende konsepten ûntwikkelje kinne. Dêrneist moat der neffens it ferbûn in ticketgarânsjefûns yn it libben roppen wurde.

Fungearje as produsint

De teäters wolle sels fungearje as produsint en produksjehûs en sa de folsleine keten en it kulturele klimaat yn Fryslân ferstevigje. "Wij willen werkgelegenheid blijven bieden aan alle makers, technici, decorbouwers..."

Dat wolle se dwaan troch sels produksjes en festivals te betinken, talintopliedings serieuzer oan te pakken, mear produksjes mei regionale tema's te meitsjen en lytsere foarstellings te meitsjen foar in lokaal publyk. "Het is een beetje een andere rol voor theaters", leit Buma út.

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Dêrneist wol it ferbûn gearwurkje mei maatskiplike ynstânsjes om harren kultuerfunksje yn te setten foar maatskiplike opjeften. Dat moat iensumens en 'laaggeletterdheid' tsjingean en bydrage oan in ynklusive mienskip. "Als theater staan we middenin de maatschappij", ferklearret Buma.

De besteande gebouwen binne dêrfoar neffens de teäters net altyd geskikt, ek fanwege de oardelmetermaatregel. Se wolle de gebouwen dêrom op oare wizen brûke.

It ferbûn wol repetysje- en montaazjeplakken foar makkers en selskippen oanbiede en romte foar eksperiminten en moetings. Dêrneist moat it in moetings- en wurkplak wêze foar zzp'ers, ûnderwiis en maatskiplike tsjinsten en in festival- en seremoanjelokaasje.

De Koornbeurs yn Frjentsjer - Foto: Google Streetview

De krêft fan it ferbûn sit him neffens harren yn it feit dat fiif losse kulturele ynstellings ferspraat oer de provinsje de krêften bondelje en al harren ekspertize, fasiliteiten en netwurk ynsette om de folsleine keten te fersterkjen. Ut dat perspektyf wei wurdt der leard en eksperimintearre.

Foar it útfieren fan it ticketgarânsjefûns en it Aanjaagfonds wol FSO lanlik en provinsjaal jild krije. De teäters wolle as 'Frysk Fieldlab' nije wurkwizen en gearwurking yn de kulturele sektor en foar Fryslân opsette. Se hawwe in subsydzje-oanfraach dien by it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. FSO freget elts jier 500.000 euro oant 2028, in totaalbedrach fan 4 miljoen euro.

Wiebren Buma fan Theater Sneek

(Advertinsje)
(Advertinsje)