Kringloop Second Chance yn Damwâld op besite by boargemaster Agricola

27 jan 2021 - 07:31

Geert van der Woude fan kringloopwinkel Second Chance yn Damwâld giet woansdei op besite by boargemaster Klaas Agricola op it gemeentehûs fan Dantumadiel. Hy wol de boargemaster yn de kunde komme litte mei harren wurk, en him sjen te litten wêr't se tsjinoan rinne troch de coronamaatregels.

Foto: Google Street View

"Wy binne folle mear as in kringloopwinkel allinnich. Wy binne eins it sosjale hert fan Damwâld", leit Van der Woude út. Se hâlde harren net allinnich dwaande hâlde mei de ferkeap fan twaddehânsk guod, mar ek mei sosjale fraachstikken. "Lykas earmoedbestriding, iensumheid en minsken nije kânsen jaan."

Dat dogge se út stichting Fryslân 58 wei. Dy stichting helpt ynwenners fan Fryslân dy't yn krisissituaasjes bedarre binne, troch harren essinsjele húsried te jaan. Dizze minsken hawwe troch ferskate oarsaken net genôch jild om dy sels te beteljen. It guod wurdt troch de kringloopwinkel ta beskikking steld oan stichting Fryslân 58.

Hûskeamer

Yn kringloopwinkel Second Chance eksploitearret de stichting sûnt 1 jannewaris 2021 de Hûskeamer fan Damwâld, in plak dêr't minsken dy't dat nedich hawwe telâne kinne. Se kinne der in bakje kofje drinke of meidwaan oan aktiviteiten. De kringloopwinkel is dêrneist in deibestegingsplak. Van der Woude: "Minsken dy't troch omstannichheden net mear yn de maatskippij meidraaie kinne, helpe wy oan in goede deibesteging."

"Dizze perioade is hiel lestich. Wy kinne gjin guod ferkeapje, mar hawwe wol in protte minsken yn de winkel. Wy krije ek oanfragen fan ferskillende organisaasjes om minsken te helpen dy't yn finansjele problemen sitte", leit Van der Woude út.

Probleem is dat der faak kommentaar komt op it feit dat der sa folle folk yn de winkel is. "Mar dy minsken moatte dochs holpen wurde, nettsjinsteande de lockdown." Der hawwe al ferskate kearen boa's del west en de kringloop krige sels in twangsom fan 10.000 euro oplein omdat se dochs iepen wiene.

Wichtich plak

Van der Woude wol de boargemaster dúdlik meitsje dat de kringloop in wichtich plak is dat iepen bliuwe moat. "Wy litte dy minsken net sitte, dat kin fansels net. It is de heechste tiid om de boargemaster út te nûgjen, want hy beheart de portefúlje hanthaving. Wy wolle him alle fasetten fan ús winkel sjen litte en fan wat wy dogge."

Geert van der Woude fan Second Chance

Second Chance hat besletten alle winterklean dy't ûnferkocht yn de rekken hingjen bliuwe troch de lockdown fergees fuort te jaan oan minsken dy't net in soad jild hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)