Natuermuseum freget provinsje om help, "besuniging hat rampsalige gefolgen"

27 jan 2021 - 15:50

It Natuermuseum yn Ljouwert sit yn swier waar. Neidat de provinsje twa ton koarte hat op de subsydzje, kin it museum net oars as in tredde fan it personiel dien jaan. Dêrtroch kinne se gjin grutte tentoanstellingen mear hâlde of skoalbern helpe.

-

Ek de gigantyske kolleksje fan 330.000 stikken is net mear te behearen. Dêr binne net genôch meiwurkers foar. Konservator Peter Koomen is de iennige dy't dit wurk docht. It oantal minsken is al jierren te min foar it wurk, neffens it museum.

Frysk erfgoed ferdwynt

It liket derop út te draaien dat it Natuermuseum in grut part fan de kolleksje fuortdwaan moat. "Daarmee verdwijnt een belangrijk deel van het Friese erfgoed naar elders", seit Koomen.

Oare gefolgen fan de subsydzjekoarting binne dat se nei alle gedachten in pear dagen yn de wike ticht moatte, dat se gjin of minder fakânsje-aktiviteiten dwaan kinne en dat de fêste opstelling net fernijd wurde kin.

Peter Koomen - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Edukative programma's wurde ek minder. Sa kinne bern gjin dingen mear liene foar sprekbeurten. Fierders ferwachtsje se minder stipe jaan te kinnen foar wittenskiplik ûndersyk en oan sjoernalisten en auteurs dy't publisearje wolle oer de natuer.

Sa sille der minder besikers komme en krijt it museum minder ynkomsten. De subsydzjekoarting fan mear as in tredde soarget foar in 'neerwaartse spiraal waarvan het einde niet in zicht is', sa is de ferwachting.

"We hopen dat de provincie op haar schreden terugkeert. We kunnen proberen ergens anders geld vandaan te halen, maar die kansen zijn niet zo groot", seit Koomen.

"Wy gean derfan út dat it besef komt, dat dit sa net kin."

Tinek Schokker

De besuniging fan twa ton hat ellindige gefolgen. Dat seit ek foarsitter Tineke Schokker fan de ried fan tafersjoch fan it natuermuseum. Se sil der alles oan dwaan om de provinsje derta te bewegen de koarting wer yn it lûken. "It betsjut dat der minsken út moatte en dat wy net mear dwaan kinne wat wy no dogge. Wy hawwe in hiel edukaasjeprogramma. Dêr binne minsken foar nedich. As der minsken út moatte, kinst dy dingen net mear dwaan."

Der rint noch in beswier, seit Schokker. Earst moat dúdlik wurde hoe't dat útpakt. "Wy gean derfan út dat it besef komt, dat dit sa net kin. Mar wy hâlde net op. Wy hâlde oan as storein."

Tineke Schokker, ried fan tafersjoch Natuermuseum

(Advertinsje)
(Advertinsje)