Punter siet yn de muzyk, mar besoarget no grienten; oar wurk troch corona

27 jan 2021 - 06:45

Foar it útbrekken fan de coronakrisis wie it libben fan Kornelis Punter folslein oars. Hy siet yn de evenemintesektor en organisearre dancefeesten. Yn oktober smiet hy it roer om. No besoarget hy biologyske aaien, grientepakketten en smoothies troch de provinsje.

Oar wurk troch corona

As eigener fan Play Events organisearre Kornelis Punter underground dance-feesten. Mei muzyk as early- en millenniumhardcore, oldskool en techno. Fanwegen de hjoeddeistige omstannichheden stiet de hiele evenemintesektor stil. Mar Punter sels sit net stil. "Ik bin fan natuere in echte ûndernimmer, ik besykje der altyd wat fan te meitsjen," fertelt er.

It is septimber 2020 as Punter oar wurk sykje moat. Hy begjint yn de bou, mar komt der al gau achter dat dat neat foar him is. "Ik wol wat oars, sei ik tsjin myn frou", fertelt Punter.

Aaien

Deselde dei sjocht hy in advertinsje yn de krante fan in boer yn Emmeloord dy't aaien ferkeapet. De advertinsje sprekt Punter fuort oan. "Aaien wurde fansels troch in soad minsken iten en binne sûn. Ik tocht 'ik moat dy aaien oan de doar ferkeapje'". Hy slepte der noch in nacht oer, mar hie gjin twivel.

Yn oktober ferkocht hy de earste aaien. Yn twa-en-in-heale-dei ferkocht hy 2500 aaien. "It gie geweldich." Punter betocht in namme foar syn bedriuw: It Blije Ei. Wêrom? Hy hat in keale holle. "It leuke oan myn nije wurk is dat ik by de doarren del gean. Minsken misse it sosjale kontakt troch corona, ik sels ek. No ha ik altyd in petear by doar dat is hiel noflik."

De Blije Zak

Nei in wike krijt hy ek fraach nei biologyske griente. "Dêrom ferkeapje ik no ek De Blije Zak, in pakket mei biologyske griente, fruit en smoothies", fertelt Punter. Hy ferkeapet 175 fan dizze sekken yn in wike. Elke moarn rydt hy nei de biologyske tún 'Yn 'e Sinne' yn Jirnsum om de griente op te heljen. De smoothies wurde út Arum helle. "Dy binne gewoan fan hiele goeie produkten makke."

En mocht Punter yn de takomst wer yn de muzykyndustry wurkje kinne, dan wol hy dochs ek trochgean mei dizze baan. "Of myn frou moat dizze baan miskien mar oernimme."

(Advertinsje)
(Advertinsje)