Straf foar swiere mishanneling fan Tilster falt folle leger út as eask justysje

Foar it meipleegjen fan in swiere mishanneling mei 'voorbedachten rade' hawwe in 29-jierrige frou út Grou en in Ljouwerter fan 46 jier seis moanne sel krigen, plus seis moanne ûnder betingst. Dat is in stik leger as de eask fan it Iepenbier Ministearje: dat frege om seis jier sel foar de frou en fiif jier foar de man.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Neffens justysje hiene se har skuldich makke oan it meipleegjen fan poging ta moard op in 34-jierrige man út Koatstertille. Se tochten dat hy in seksadvertinsje fan de Grouster frou yn de Kollumer Krante set hie.
Se hienen him yn de simmer fan 2019 nei it hûs fan de Grouster lokt, dêr't de Ljouwerter de man út Koatstertille oanfoel mei in stik ark. De Tilster pakte it ark ôf en sloech de Ljouwerter man knock-out. De Tilster is dêrfoar earder feroardiele ta in jier selstraf en tbs.
De Ljouwerter rûn swier harsenletsel op. Hy wit neat mear fan de jûn. By it bepalen fan de strafmaat hold de rjochtbank der rekken mei dat de man swier tatakele is. De twa moatte in skeafergoeding fan 2.700 euro oan de Ljouwerter betelje.