Fryske gemeenten begrutsje yn 2021 mear gemeentlike heffingen

27 jan 2021 - 06:00

Yn 2021 sille de gemeentlike heffingen ek yn Fryslân wer omheech. De Fryske gemeenten ferwachtsje hast 389 miljoen te ynkassearjen, tsjin sa'n 375 miljoen ferline jier. Dat docht bliken út in analyze fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't woansdei ferskynt.

Offalwein - Foto: Omrin

De grutste ferantwurdlike foar de taname binne de reinigingsrjochten en ôffalstoffeheffing, wêrmei't ynwenners betelje foar ûnder oare it opheljen en ferwurkjen fan har smoargens. Dizze heffing nimt yn Fryslân yn 2021 mei gemiddeld 7% ta, wylst de gemeentlike heffingen mei elkoar yn ús provinsje mei 3,7 prosint omheech gean.

Tusken gemeenten sitte grutte ferskillen. Hoewol't de ôffalheffing gemiddeld de grutste ferantwurdlike is foar de taname yn de gemeentlike heffingen, binne der ek Fryske gemeenten dêr't dy post krekt sakket.

Besjoch hjirûnder wat dyn gemeente ferwachtet te ynkassearjen foar elke ynwenner:

Ofname

Guon posten op de gemeentebegruttingen sakje yn 2021. Sa ferwachtsje Fryske gemeenten yn 2021 hast 6 prosint minder ynkomsten út sekretaryleezjes boargersaken. Dizze kosten makkest as boarger ast bygelyks in nij paspoart oanfregest by dyn gemeente.

Trefwurden: 
CBS gemeentlike heffingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)