Twizeler krijt boete foar spul om hûn

26 jan 2021 - 22:53

In 63-jierrige ynwenner fan Twizel hat in boete krigen nei spul om syn hûn yn augustus. De hûn fan de fertochte naaide út en biet in fytser yn it kût. De fytser besocht de hûn fan him ôf te hâlden mei syn fyts en de foet, mar dêr waard de Twizeler lilk om.

Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Hy pakte de fytser hurdhannich by de nekke, en dêrom moast de Twizeler foar de rjochtbank ferskine. De rjochter koe der yn komme dat de man it foar syn hûn opnaam, mar gie wol mei yn de eask fan de offisier fan justysje. De Twizeler krige 400 euro boete.

Trefwurden: 
hûn boete rjochtbank Twizel
(Advertinsje)
(Advertinsje)